Thús

Deryn!

DERYN! Dat is de nije titel fan de 20e Nijjiersrevu! In jubileum! We binne der tige grutske op dat we al foar de 20e kear de revu op de planken bringe! Fansels pakke we derom grut út!

Nei it ôfskied fan Tineke Broers, sille we no fjirder mei Sander Kalsbeek as regisseur. Foar de musikale lieding nimme Atsje  en Sander fan de muzykpleats út Bútenpost it stokje oer fan Marcin Rachula. As skrieuwer ha we Pytsje Scherjon wolkom hjitten. Lykas oare jieren binne de teksten ek wer meiskrean troch Douwe Wobbes en Andries Hovinga. De liedteksten bin wer fan Geert Hager en de komosysje fan Tseard Nauta. Wat spilers oanbelanget hawwe Jouke de Jong en Melissa Helder een sabbatical.

 

We wurkje efter de skermen alwer hurd oan ús nije pronkstik en hoopje jimme allegearre wer te sjen!

De revu wurd spile yn it Tillehûs yn Koatstertille op de folgjende data:

 

29 & 30 Desimber 2016

6 & 7 Jannewaris 2017

13& 14 Jannewaris 2017

 

Binnenkoart mear!

Revuploech Koatstertille

De revu fan 2015/2016 sit der alwer op! Mei "it doarp, de delgong en de dream" hawwe wy in skitterende revu hawn! De resinsjes wiene geweldich en we wienen hast stief útferkocht! Wy wolle alle meiwurkers en stipers tige betankje!

Op nei de folgjende revu fan 2016/2017! De tariedings hjirfoar begjinne ynkoarten wer. Wolle jo yntusken op de hichte blieuwe? Folgje ús op Facebook! De DVD fan dizze revu kinnen jo bestelle fia: revukoatstertille@gmail.com. De DVD kost € 10.

Revuploech Koatstertille

Nieuws

Klik hier voor het nieuwsoverzicht! Laatste nieuws: 7 januari 2016.

 

Klik hier voor onze poll!

Geef uw reactie!

Wij zijn erg benieuwd naar uw gedachten over de Revuploech van Kootstertille. Geef uw mening over de Nijjiersrevu en/of andere zaken in ons gastenboek. Wij stellen uw bijdrage zeer op prijs!