» Pers

Pers

persynformaasje

Wolle jo as sjoernalist by ien fan ús foarstellings oanwêzich wêze om der ferslach fan te dwaan? Dat kin! As jo efkes in berjochtsje nei ús foarsitter stjoere dan wurdt der foar in moai plakje foar jo soargje!

 

Andries de Boer, foarsitter

            a.w.de.boer@hetnet.nl

            tillefoan: 0511-543910

persbericht november 2015

"It doarp, de delgong en de dream”

 

Foar de njoggentjinde kear komt de Revuploech Koatstertille dit jier mei har Nijjiersrevu.

Fan ein augustus ôf binne spilers en rezjy dwaande mei de tariedings foar de revu, dy 't as titel "It doarp, de delgong en de dream" krigen hat. In doarp earne yn 'e wâlden, der bart fan alles. Wat? Sille jim sizze, dit giet toch oer de nijjiersrevu? Jawis, dat is ek sa, mar wol yn in nij jaske. In revu mei in reade tried siz mar.

Dat bestjut net dat der net lake, song en dounse wurdt. It tsjindiel is wier!

 

It ferhaal en de tekst binne fan Geert Hager, Andries Hovinga en Douwe Wobbes, wylst ek Tineke Broers en Sijke Zuidersma belutsen wiene by it ta stân kommen fan dizze revu.

Tineke docht ek wer de rezjy, de muzyk is fan Tseard Nauta, de muzikale lieding fan Marcin Rachula en Anneke Wobbes nimt de koreografy wer foar har rekken.

 

Utfierings

De seis (!) útfierings binne dit kear op woansdei 30 desimber (de "50+-jûn") en op 2, 8, 9 en 15 en 16 jannewaris yn it Tillehûs yn Koatstertille. It begjint alle jûnen om 8 oere, de trije sneontejûnen is der nei ôfrin live muzyk.

 

Foarferkeap

De foarferkeap fan kaarten is op tiisdei 8 desimber fan 19.00 oant 20.30 oere, ek yn it Tillehûs.

Dernei kinne kaarten online besteld wurde fia mgtickets.nl

De kaartsjes foar de 30-ste desimber kostje € 10 yn de foarferkeap, € 12,50 online en oan de seal. Foar de oare jûnen binne de prizen € 12,50 yn de foarferkeap en € 15 online en oan de seal.