Revuploech Koatstertille Oer en út!

Oer en út!

Dit soe de titel fan in nije Nijjiersrevu wêze kinne. Mar neat is minder wier!

Nij 25 jier Nijjiersrevu en trije Covid-jierren, slagje wy as bestjoer der net yn om wer in revu op ‘e planken te bringen. Dat leit net oan it oantal spilers; ús oprop hat ferline jier laat ta sa’n acht nije spilers. Tegearre mei in tal “âld-spilers”soe in revu mooglik wêze.

Mar, in revu bestiet net allinnich út spilers; wy ha socht nei skriuwers, regisseur, muzikale begelieding, koreograaf esfh. Ta ús grutte spyt binne wy der net yn slagge.

Hoe no fierder?

Troch de jierren hinne ha in hiel soad minsken by de revu belutsen west. Foar al dizze minsken binne we fan doel in reuny te hâlden. Dizze reuny sil plak fine op

Sneon 3 juni o.s. fan 15.00 oant 19.00 oere yn It Tillehûs yn Koatstertille.